Bytanke

Trochdat ik myn fotokamera net mear regelmjittich brûk, stiet it apparaat wol wikenlang yn’e kast. Doe’t ik fannemiddei efkes in foto sjitte soe foar in opdrachtsje, sloech de skrik my om it heart: it lampke fan de batterij stie te knipperjen en dat betsjut meastentiids dat der net safolle tiid mear is. Wat doch ik no? Hurd nei hûs hinne en werom of de gok weagje?

De wethâlder dy’t op de foto moast wie der noch net en der waard rêstich kofje dronken. Ik wie alderminst rêstich mar betocht my ynienen dat ik noch wol efkes bytanke koe en socht hastich in stopkontakt. Pfffttt, krekt op’e tiid stie ik paraat foar it momint en hie genôch enerzjy foar it plaatsje.

Aardich bekaam fan de skrik fyts ik efkes letter nei hûs. It earste wat ik dêr dien haw is bytanke. In oare kear moat ik dochs fantefoaren mar efkes kontrolearje.

Scroll naar boven