Altyd haw ik tocht dat ik foar de oanbiedings fan Black Friday, mei in grutte tas yn de lange rige stean moast yn de grutte stêd. De hege koartings wêrmei de klanten de dei nei ‘thanksgiving’ nei de winkel lokt wurde mei grutte koartings, liet ik dan ek moai oan my foarby gean. Dan betelje ik dochs leaver wat mear wylst ik yn alle rêst in praatsje meitsje kin.
Mar ôfrûne freed wie it ‘Black Friday’ en doe koe ik myn eagen hast net leauwe doe’t ik gewoan by myn eigen grienteboer in oanbieding stean seach. Net in lokkerke wêr’t hja dochs allinnich mar yn traapje, mar in hiele aardige oanbieding by de oankeap fan mear as in tientsje. No, dêr siet ik samar op en ik hoegde net iens wat te keapjen dat wy net brûke koenen. En ik hoegde der net iens foar yn de rige te stean.