Wolst der ek wat by drinke Dick?”, sa freget heit my as hy my nei de tafel liedt. Ik yt hjoed by him en der stiet smoor op it menu. “Ea fan wetter, molke of bier miskien?” Ik lit it earst gewurde en doch der sûnder te priuwen wat ketjap op.
“Moatst it earst mar ris priuwe”, warskôget heit. “Der sit ek al in hiele pittige woarst yn.” Och, dat sil wol wat tafalle, sa tink ik en jit der in bytsje op. Dan moat ik al hiel rap om in gleske wetter, want it is hie-iel pittich.
“Ja, uuh…”, sa begjin heit dan wat te draaien op’e stoel. “Ik hie der al wat mear smaak oan jun troch der wat piper by te dwaan. Mar uuh… it potsje fan de piper stie ferkeard ynsteld, de grutte gatsjes sieten der foar.” De smoor smakke bêst mei út in slokje wetter.