Koade read (II)

‘Want hjoed is rea-ead, de kleur fan de koade! En hjoed is read…’ It ferske fan Marco Borsato hat ynienen in hiele oare tekst krige. Hjoed sil de waarmste dei wurde, sa is ús foarsein en mei fjirtich graden ûnder de feranda leau ik dat wol.

De molke stiet soer yn’e kuolkast, de stroom is útfallen dus ek myn fentilator helpt net mear. It strieltsje wetter dat noch út’e kraan komt hat in brún kleurke, ik sykje de needfoarried op. Blêden falle fan de beammen, fûgels falle út’e beam, ús katten lizze sleau ûnder de hage en op’e mat.

Dan wurd ik wekker út myn siësta, hjir op’e sliepkeamer is de temperatuer wol te hurdzjen. Ik leau dat ik in nuvere dream hân ha, ik bin der waarm fan. ‘Vandaag is roo-ood’, galmet Borsato wer út de speaker. ‘Vandaag is roo-ood, de kleur van jouw lippen.’ Ik bin wer rêstich…