Júste wurden

“Is dat jo freondinne?” Deselde man dêr’t ik foarich jier efkes in praatsje mei makke by de Zomerfair op Toutenburg en dy’t my sa’n komplimint joech oer myn Nynke – dy’t hjir wurket – werkent my net. Ik him wol… Beide hawwe wy wer in huodsje op, hy sit no yn in rolstoel.

“Sy is myn frou”, fertel ik. “It is in goeie frou”, sa komplimintearret hy my opnij wylst hy syn pypke oan it stopjen is. “Sy hat my fan it roken ôf holpen.” Ik freegje him hoe’t sy dat dien hat, want Nynke hat sels eartiids ek stevich smookt.

“Sy hat de júste wurden brûkt”, probearret hy my út te lizzen. No wiis ik him op de piip dêr’t hy mei dwaande is. “En dit dan?” Sûnder der lang oer nei te tinken makket hy der de júste wurden fan. “As dizze piip oan ein is, dan hâld ik op.”