Fioeltsjes

Us pykjes wit al krekt wat ús rituelen binne: moarns betiid steane sy al te keakeljen as wy yn de keuken binne, dan krije sy wat lekkers. Ek witte sy donders goed dat sy der middeis efkes út meie, sy fine it hearlik om wat yn’e blêden om te skarreljen.

As it foarjier wurdt, dan is buorman ek yn’e tún oan’e gong. Hy fynt ús pykjes wol gesellich en hat der neat op tsjin as se by him yn de tún omskarreljen. Dat wurdt wat oars as hy syn fioeltsjes plantet, dan binne de piken minder wolkom.

No kinne wy dy bistjes fan alles wol fertelle, mar sy lûke harren der net it measte fan oan. Ek yn it stek dat wy makke hawwe, witte sy wol in gatsje te finen. Sa gau as de fioeltsjes wer plantte binne, is it in skoftke dien mei de frijheid fan ús pykjes.