“Beste klant…” Der binne fan dy supermerken dêr’t in freonlike stim fertelt hokfoar kassas der iepen of ticht geane. Der stie in aardich lange rige foar nûmer ien en sa wie ik wol aardich gau ut’e ried doe’t nûmer trije iepen gong en de man foar my begûn syn karre fol boadskippen alfêst op de bân te lizzen.
Mar dan fertelt de freonlike stim dat net nûmer trije, mar nûmer njoggen iepen giet. Ik rin dy kant alfêst op en wachtsje mar net op de man dy’t foar my is, want dy hat noch aardich wat boadskippen oer te laden.
Blykber is de freonlike stim wat yn’e war, want dan ynienen giet njoggen ek wer ticht en steane wy tegearre wer foar nûmer ien. “Tsja, no kin hja je wol drok meitsje, mar dêr’t feroarest ek neat mei”, sa konkludearren wy en hawwe sa dochs noch efkes in freonlik praatsje.