Sels haw ik gjin abonnemint op in krante, mar út en troch mei ik wol graach ris troch de Volkskrant blêderje, as ik bygelyks efkes by in brasserie op in terraske sit mei in bakje kofje. Fuortendaliks op de foarpagina werkende ik fannewike myn eigen lytse rubrykje mei 150 wurden en ik wit ek drekst noch wol hoe’t ik by it sjen fan dit koarte rubrykje okkerdeis op it idee kaam om der wat mei te dwaan.
Ik skreaun wolris in blogje yn it Frysk, mar dan wiene der dochs fêste lêzers dy’t meidielden dat sy ôfheakje soenen. Blykber is Frysk prate gjin probleem, mar Frysk lêze wurdt al in hiele toer en lit wy it hielendal mar net haw oer Frysk skriuwen.
Mei dizze 150 wurden is de tekst yn memmetaal te oersjen en doare myn lêzers it oan, in moaie opstekker foar de Fryske taal. Tige tank Volkskrant!