Ynsicht

“Kin dit ek fuort?” Wy binne op ús houliksdei tegearre yn de keuken in diner foar ús beiden oan it meitsjen en tusken de bedriuwen fan sipel – en fleis snijen romje ik wolris wat op. “Nee bliksem!”, sa krij ik fuortdaliks te hearren. “Dat is ús dressing!”

Tsja, ik hie it oansjen foar en protsje fet of sa, it skaaltsje prot stiet tusken de oare skaaltsjes dy’t ôfwosken wurde moatte, der steane twa leppeltsjes yn. It is mar goed dat ik der efkes nei frege en net op eigen houtsje te wurk gong bin.

Nei tsien jier trout te wêzen binne wy der sa stadichoan wol in bytsje oan wend dat ús ynsjicht net altyd itselde is, wy begripe inoar noch stees lang altyd net. Mar noch hieltiid kinne wy prima troch ien doar, slagget it ús regelmjittich tegearre in hearlik miel te meitsjen en binne wy (meastentiids) graach byinoar.

Scroll naar boven