Hoe sil ik dit daalks hawwe, sa betink ik my ûnderweis nei it sikehûs as ik der efter kom dat ik de ferkearde telefoan – mei sikefûns- en betelpas – meinaam hawwe? Ik moat hjoed efkes nei de eachdokter en freegje my ôf: hoe kom ik hjir?
It probleem fan betelle parkearjen haw ik al flot oplost troch de auto gewoan in pear hûndert meter bûten it terrein te parkearjen. Ik bin no yn els gefal binnen de poarten. It oanmelden troch it scannen fan myn paske probearje ik mei in freonlike resepsjoniste op te lossen.
“Wat is jo bertedatum?”, sa is de earste fraach dy’t ik ek wol sa’n bytsje ferwachte hie, en ek myn efternamme kin ik wol fertelle. Lykas sy it alle dagen docht draait sy probleemleas en kaartsje út mei myn streepkeskoade. De dokter kart alles goed en dan haw ik ek alles wer op skerp.