Skeef

“Noh, dit haw ik werklik wier noch nea earder meimakke!” De timmerman dy’t by ús in nei kezyn pleatst, hat sawol ûnder as boppe de maat al trije kear metten en hy hat him dêrtroch fersekere dat hy it goed dien hat. “Der sit in oantal milimeters ferskil yn ûnder en boppe, no moat ik foar ik earst yn myn libben in skeef kezyn meitsje.

Ik hoopje mar dat hy dat kin, want oars moatte wy miskien wol in nei hús ha, sa is myn earste gedachte, mar ik haw wol aardich fertrouwen yn dizze fakman, hy seit dat hy it wol klear kriget.

It hûs is ûnderwilens ek alwer fjirtich jier âld, net al te krekt bout – sa merke wy no – en it fernuveret my dan ek net dat timmerman noch wol mear kearen dingen tsjinkomt dy’t hy noch nea earder meimakke hat: wy hawwe in skeef hûs.