Hiel earlik moat ik bekenne dat ik – neffens my lykas wol mear mannen – net de oare kant út sjoch as ik yn dit simmerske waar by froulju foarsichtich in lyts bytsje kant fan harren ûnderguod sjoch ferskinen; ik mei dêr wol oer, ik fyn dat sels wol seksy. Dat it tsjinwurdich hiel hip skynt te wêzen dat ek mannen harren ûnderbroek in aardich ein boppe de spikerbroek út stekke litte, fyn ik net sa hip en al hielendal net seksy.
Okkerdeis fytste in jongkeardel foar my mei in griene ûnderbroek oan dy’t wol tsien sintimeter boppe syn broek út kaam. Wat it meast opfoel wie in grutte brune streep yn it midden, fan boppe nei ûnder en neffens my hearde dat net by de kleur fan it klaaiïngsstik. Doe moast ik dochs wol efkes skodholje en ha gau de oare kant út sjoen. Nee, dit fyn ik wier net seksy.