Samar in feestje

“Wa hat hjir belang by?”, sa wurdt yn de WhatsApp-groep freege by de foto fan in pot mei kersen op streup. Yn earste ynstânsje stiet der net ien echt om te springen, mar as der ien op it lumineuze idee komt om it wat fan út in oar perspektyf te besjen, feroaret de saak wat.

As der ien in flaaiboaiem ûnder bakt en dit thús besoarget, dan is der wol belangstelling en is der in deal. Dan fyn ik it ynienen ek wol ynteressant en noadigje mysels út troch der in feestje fan te meitsjen mei in flinke toefe slachrjemme derop dy’t ik dan fersoargje sil.

It idee fan in lekkee custardlaach wurdt neamd en as dan hast de hiele groep oanwêzich is, knal ik der yn mei in flinke boanus. No’t de slachrjemme der dochs is, nim ik ek in fleske advokaat mei. Sa hawwe hja samar in feestje.