Ringstekke

“Wêr binne dy rinkjes foar?” Wie steane efter de hekken te sjen nei it ringstekken op De Kolk en dizze jongeman stiet mei syn dochter njonken ús. Wy sjogge him ris oan en freegje ús ôf as hy serieus is. “Dat is no krekt it spultsje”, sa probearret Nynke foarsichtich.

Wy binne net sa dwaande mei dat spultsje mar fine it allinnich al hiel gesellich yn it doarp en wy genietsje fan it draven fan prachtige Fryske hynders. “Elke ring dy’t sy stekke leveret in punt op”, sa probearre ik it noch in bytsje dúdliker te meitsjen. “Lykas in doelpunt by it fuotbaljen.”

No liket der in ljochtsje op te gean. “No, jou my dan mar in fuotbalwedstriid”, sa reagearret hy. Hy kin in oerke letter syn heart wer ophelje as it Nederlânsk alvetal spylje moat yn it EK. Alle doelpunten levert in punt op, de measte punten betsjut winst!

Scroll naar boven