Reparateur

Tas heel dure zeker?”, freget de reparateur wylst hy de learen wurktas al in tydsje hiel betinklik bestudearre hat. Hy leit my út hoe’t hy tinkt de tas mooglikerwize reparearje te kinnen, der sille dan hiel wat naadsjes los helle wurde moatte.

De fraach om de djoere tas sil fêst ek te krijen hawwe mei de reparaasjepriis, mar dat is dan ek mar sa, dat begryp ik ek wol. Tongersdei kin ik ‘m wer ophelje. As ik in pear dagen letter wer by de reparateur bin, leit hy my nochris út wat foar naadsjes as der allegearre los makke wurde moatten hiene, en dat it him net slagge is.

Wer thús gean ik oan de slach mei duktape, it is ommers dochs wol in djoere tas west. Nei tsien minuten prutsen haw ik de gatten ticht. It is miskien net de meast kreaze oplossing, mar it liket net iens ûnaardich.