Prommen

Foar it earst binne wy dit jier de slakken yn’t foar en is de risping goed. Der lizze in stik of tweintich prachtige prommen fan eigen kweek op it oanrjocht, ik mei se wol opsnobje. Ut en troch yt ik der dan ek ien op en sy smeitsje prima.

Fan’e wike kamen der freonen by ús iten. It wie moai waar en fansels fûn dit barren plak yn’e tún. De man hat wol aardich ferstân fan promkes en sjocht der efkes nei. Hy brekt de frucht fakkundich middentroch en besjocht it ris.

“Der sit wol in rûp yn”, konstatearret hy en mei syn kunde tinkt hy dat der wierskynlik yn elke prom ien rûp sit. By de twa, trije en fjouwer prommen dy’t hy probearret kloppet dit, dizze geane rjochtstreeks nei de piken. Ik tink efkes oan de prommen dy’t ik opiten haw, wierskynlik allegearre mei in rûpke der yn…