De wûn geniest prima, it sjocht der moai út, sa oardielet de húsdokter dy’t nei de behanneling foarige wike de saken dochs noch wol efkes besjen woe.
As ik wer thús kom draai ik de saken krekt in lyts bytsje om. “It sjocht der goed út, mar de dokter hat wol sein dat ik beslist net yn it wetter komme mei en dat ik dus ek net ôfwaskje mei”, sa probearje ik mei in sa strak mooglik gesicht te fertellen.
Nei it dwaan fan de boadskippen in oerke letter lizze der op it oanrjocht in pear fan dy plestik fingerwanten yn it formaat XL wêr’t ek in hiele tsjokke tomme mei ferbân wol yn past. Mei myn ferlechje kom ik dus net fan myn taken ôf. Ek al is it allegearre wat ûntriifd mei in tomme dy’t net sa soepel beweecht, de ôfwask krij ik der noch wol mei dien.