Oanhâlder

Efkes in kleuredruk meitsje op in apparaat wêrfan net ien krekt wit hoe’t it wurket, dat soe ik tegearre mei Elizabeth wol fikse. Wy kamen in hiel ein, mar doe moast der in koade ynfierd wurde. No dan binne hja gau de tried kwyt.

In dei letter mei de behearder fan it apparaat mar ris wer sjen, mar it slagget ús net om it punt te finen wêrop’t de koade frege wurdt. Ik ha myn nocht en jou it op, dan mar in oar apparaat sykje, mar Elizabeth wit fan gjin opjaan.

In dei letter stiene wy foar de tredde kear by itselde apparaat. Sy drukt op wat knopkes en ynienen is dêr de kleuredruk. “Hoe hast dat dien?!”, freegje ik fernuvere. “Ik wit it net, it gong per ûngelok”, is har antwurd en sy kriget der in kleur fan. Wat bist hearlik rêstich bleaun Elizabeth, bist in echte oanhâlder.

Scroll naar boven