Needútgong

De sneintemoarn is alwer sinnich en waarm begûn en it sil wol wer in tropyske dei wurde. “Sil ik de needútgongen mar iepen sette?”, freget koster Oebele oan gjinien yn it bysûnder. Foar de tsjerkegongers hat hy it alderbêste yn’e sin en hy freget him sels noch ôf as de omwenners der ek lêst fan hawwe sille.

De tsjinst is alwer in tydsje oan’e gong, út en troch giet der in koeltsje troch it gebou, elkenien hat it nei de sin. As de skriftlêzing is, liket it yn’e war. In hiele groep motorriders passearret lâns de Jan Binneslaan, de iene nei de oare Harley Davidson knalt foarby, wol tritich, fjirtich…

Oebele sit te draaien op’e stoel, moat hy yngripe? Mar dan is de lêste west en is it wer stil. “As sy no aanst tidesn de preek allegearre mar net werom komme”, grapjaget beamerman Derick. Gelokkich bliuwt it fierder rêstich.

Scroll naar boven