Moaie húskes

“Wat in skattich húske!” Under ien fan ús kuiertochten passearre wy in lyts wenningkje dat der yndied wol aardich útsjocht. “Hjir soene wy tegearre wol wenje kinne”, sa giet it froulike fantasy-momint ûnbegrinze fierder. “Dan kinne wy flink opromje, dogge wy alles wat wy net nedich hawwe fuort en dan hawwe wy net mear romte nedich.”

Myn gedachten ferkeare in lyts bytsje tichter yn de wrâld fan hjoed en ik fronselje dan ek efkes myn wynbrau. Der komt nammentlik fuortdaliks in gedachten yn my op by de kleankast fan rum twa meter heech dy’t wy noch gjin twa wiken lyn kocht hawwe by de grutte wenwinkel dy’t altyd soarget foar ynspiraasje en nije oankeapen en bring dit ûnder de oandacht. – “Dy past hjir net iens yn…”

Dan komme werklikheid en fantasy ynienen wer hiel ticht byinoar. Wy kuierje in tydsje stiltsjes fierder yn de wrâld mei ús eigen hûs.