Mankeminten

“Ik wit soms net mear hoe’t ik stean of sitte moat”, sa jout ‘pasjint’ oan wannear’t hy yn de gearkomst in gjalp fan pine jout. – “Hast wol Diclofenac?”, sa klinkt in oanwizing fan in oare ‘pasjint’ dy’t ek wol ûnderfining hat. Ut de oare hoeke komt in adreske foar in goeie masseur.

Noch gjin trije minuten letter lizze hast alle medyske ûnderfining op tafel en hat elkenien in oplossing. Fansels hat ‘pasjint’ ek al de noadige tips opfolge en is dit yn syn ponge te fernimmen. Yn dizze gearkomst – dy’t eins giet oer muzyk en de fleur fan it libben – komt efkes op tafel dat wy eins allegearre pasjinten binne, mei allegearre harren mankeminten.

Wat is it dochs moai dat wy dizze pinen en klachten út en troch efkes mei inoar diele meie. Dielde smerten geane ommers troch de helte en dat skeelt allinnich al in soad yn’e ponge.

Scroll naar boven