Oerskriedend gedrach

‘Fiet-fieuw!’ By in kuierke sjoch ik yn’e fierte in frommeske de wei oerstekken en ik fluitsje efkes. Sy bliuwt stean en wy sprekke inoar in pear tellen letter. “Dat kin net mear tsjintwurdich hin!”, sa krij ik te hearren en ik skrik eins in bytsje fan myn spontane aksje. Gelokkich…

Folle krêft foarút

Efkes in dei te faren yn Giethoorn, dêr wie it hjoed krekt waar foar. Mei syn fjouweren stappe wy yn it flústerboatsje, de froulju sille stjoere. Neidat wy de wâlbeskoeiïng oan sawol bakboard as stjoerboard al mear dan ien en twa kear fan hiel tichteby fernaam hawwe en de froulju…

Middenwei

It wie de hiele dei tropysk waarm west doe’t it team fan Connexion byinoar kaam foar in oerlis oer de tarieding fan de tsjinsten en de ûntwikkelingen derom hinne. It wie noch benaud waarm yn de plak fan gearkomst De Bining. “Litte wy bûten fergaderje”, sa wurdt der foarsteld en…

Leafdefol

Healwei in betiid kuierke kom ik om’e hoeke en sjoch noch krekt dat in mem har soantsje in tút jout foardat hy it hiem ôf fytst. In rêchsekje hat hy efterop. “Do jonkje, oant daalks”, seit sy wylst sy him neisjocht foar it oerstekken oer de grutte dyk. “Do mem,…

Bysûnder fiskje

“Hey! What are you doing hier samar in you’re eentje?” sa groetsje ik in freondinne dy’t ik foar de fiskboer sitten sjoch wylst ik der lâns fyts. Ik kear fuortdaliks om en krij it antwurd yn deselde gearstalde taal as dat ik ‘m stelde. “I’m sitting in the sunshine eating…

Problemen

“Hast de problemen wer oplost?!” Ik haw krekt de krante ticht slein en opteard. De man dy’t neist my sitten gong is, wol dúdlik efkes prate. Ik ha der hjoed wat minder nocht oan en korrizjearje syn observaasje. “Nee, ik haw oer in soad problemen lêzen, mar neat oplost.” “No,…

Yn’e wachtkeamer

“Hokfoar filmke wolst sjen?” In mem sit mei har dochterke yn’e wachtkeamer. It famke wit krekt wat sy wol en in pear klikjes fierder sit sy hielendal yn’e film. Ik siet rêstich te lústerjen nei it muzykje dat út’e radio kaam. Hjir is no it lawaai fan it filmke by…

Blierke

Efkes in pear warten oanstippe, dat hie ik de lêste jierren wolris faker dien en ik wist wol ûngefear wat der komme soe. De stikstof en it ‘wattenstêfke’ dêr’t de plakjes mei oanstipt wurde bin my wol aardich bekend. Dat it oanstippen net noflik fielt wit ik ek wol, mar…

Gjin stoer wurdich

“Heeft u er misschien ook een dubbeltje bij?”, sa freget it famke efter de toanbank freonlik oan de man dy’t tsjinoer har stiet. De man siket yn syn beurs en al syn broeksbûsen mar kin gjin wikseljild fine. “Ik moat altyd al myn jild ynleverje by myn frou”, sa giet…

By de tiid

Alle dagen lústerje ik wol nei de radio. Altyd muzyk, op’e hichte bliuwe mei it nijs en sy fertelle ek regelmjittich hoe let as it is, it is in kanaal wêr’t hja wol by de tiid bliuwe. Fannewike stie op in middei de tiid foar my efkes stil. “Het is…