Paraplu

‘Ferhip, wêr is myn paraplu’, tocht ik fan ‘e moarn doe’t ik op de fyts stappe soe yn’e rein; in pear reindripkes kin ik wol haw, mar sûnder paraplu fyn ik der neat oan. Gelokkich hawwe wy noch wol in pear mear fan dy dingen yn de garaazje stean, mar…

Filmkes

“Ik wol dizze acht milimeter films ynleverje om te digitalisearjen.” It famke efter de kassa seach my mei grutte eagen oan doe’t ik in taske mei filmspoelen foar har del lei. “Wat woene jo??” Ik werhelle myn fersyk, mar omdat sy noch gjin flau idee hie wêr’t it oer gong,…

Eigenwiis

Wat binne minsken somtiden dochs ek ûnnoazele halzen. Okkerdeis seach ik dat in autobestjoerder de ôfslach naam wêr’t dúdlik oanjûn stie dat dizze wei troch wurk oan de wei ôfsluten wie. ‘Dy moat fêst earne wêze’, sa tocht ik noch, mar in pear tellen letter seach ik de auto werom…

Lûd fan muzyk

Trije froulju sieten der dizze sneontejûn by ús yn’e keamer, allegearre hearlik ûntspannen mei in tekkentsje oer de knibbels te genietsjen fan ‘the Sound of Music’. Ik fersoarge de catering en sette kreas op’e tiid in bakje tee en in buorrel foar harren op’e tafel. In bin net sa’n leafhawwer…

BMW

Der wie ik fan’e moarn hast BMW-rider west. Tidens myn deistich kuierke seach ik de sjauffeur fan in dikke BMW syn auto parkearjen oan’e kant fan’e wei en sûnder efteromsjen liet hy syn auto ronkjend stean wylst hy in winkel yn gong.  Efkes haw ik it yn my om gean…

Yn’e blabber

nim ik in wat gruttere stap

‘Black Friday’ by de grienteboer

Altyd haw ik tocht dat ik foar de oanbiedings fan Black Friday, mei in grutte tas yn de lange rige stean moast yn de grutte stêd. De hege koartings wêrmei de klanten de dei nei ‘thanksgiving’ nei de winkel lokt wurde mei grutte koartings, liet ik dan ek moai oan…

Gatsje

In lekke fytsbân, dêr koe ik froeger thús al gau achtich mei rêde. Eins heart it plakken fan in fytsbân by de standert útrissing fan de opfieding, lykas it setten fan in kopke kofje en it skjinmeitsjen fan de wc. Foar dit soad putsjes draai ik myn hân dan ek…

Per ûngelok

‘FaceTime gesprek gemist’, sa sjoch ik op myn kompjûterskerm stean wannear ’t ik nei de kofje op myn kantoar kom. Anja hat probearre my te berikken en meastentiids tink dan: ‘as sy my ha moatte, skilje se wol wer’, mar dit wie noch mar fiif minútsjes lyn en ik wie…

Snijbeantsjes

foar te kommen wat ferkeards mei te nimmen, stjoer ik efkes in berjochtsje nei hû