De temperatuer yn myn wurkkeamer rint fanmoarn betiid al gaueftich op rjochting seisentweintich graden. It is simmersk waar, de sinne skynt op’e glêzen mar ik haw de gerdinen ticht om it ljocht tsjin te hâlden.
Rûnom njoggen oere nim ik in bakje kofje mei nei bûten yn it skaad en dêr doch ik wat skriuwwurk fierder op myn laptop. Hjir is de temperatuer lykwols sa’n bytsje itselde, mar waait it út en troch lekker in bytsje. Al gaueftich is it ek hjir net noflik wurkjen mear. It wurdt stees waarmer, dat ik moat mar efkes in slagje om op’e fyts.
Yn de middei kies ik der foar om wat rêstiger oan te dwaan efter yn de tún. Yn de hingmatte is it fjouwerentweintich graden wylst it efkes fierderop al gau oer de tritich graden giet, dat ik ha myn plakje foar de rest fan de dei wol sa’n bytsje fûn.