Mei in jongedame dy’t by in drogist wurket, stean ik yn it doarp efkes by te praten. Sy fertelt oer in âldere man dy’t wy beiden wol kinne dy’t eartiids alris by har yn’e winkel kaam en op lûde toan kondooms mei ierdbeismaak bestelde, gewoan om har te sjokkearjen.
Fansels wy de jongedame wol wat wend en wurde der allinnich mar ferlegen lake. Hjoed laken wy der efkes wer om en keuvelden oer fan alles en noch wat. Doe’t wy ôfskie namen, sei sy dat ik de groeten mar dwaan moast oan de âldere man. “En siz mar tsjin him dat ik se noch stees wol haw”, rôp se my op lûde toan nei. “Kondooms mei ierdbeismaak.”
Dit lêste sintsje waard opfong troch bekenden fan my. Se sjogge de jongedame ris oan, se sjogge ris nei my… Eins bin ik wol benijd wat foar ferhaal sy der by betocht hawwe…