De reinwetterbak

“Hielendal fan it gas ôf, alles op elektrysk”, sa krige ik fan de bewenster te hearren doe’t ik okkerdeis in rûnlieding krige troch har nijbouwenning yn’t Fean. Neffens de ûntwikkeler binne de wenningen duorsum, gasleas, foarsjoen fan flierferwaarming, sinnepanielen, elektryske siedfoarsjenning, enerzjysunich en dus hielendal klear foar de takomst.

“Mar ien ding hawwe se ûnnoazel genôch net om tocht”, sa fynt sy. “It reinwetter wurdt net opfangt en rint sa it rioel wer yn.” Sy lit my in gedicht lêze dat har silger heit ea skreaun hat, mei de titel De Reinwetterbak. In pear stikjes derút:

‘Wetter dat is kostber guod, mar it wetter dat fan boppe komt, rint rjochtstreeks yn’e sleat. It reinwetter dat komt fan it dak, kinst folle better rinne litte yn in bak. En as hja dan dochs wenningen bout, passend by hjoed-de-dei, moat men ek wat mei it wetter dwaan, dêr kin men net foarwei.’