“Wa wiene dy froulju fan de Vintagemarkt?!”, sa wol Nynke witte as sy de presintaasje fan myn outfit ôfkart hat, mar wol it reade slipke mei kant fûn hat. “Wat hast noch mear mei dizze froulju útspûke tusken de kleanrekken?!”
Ik bin my wier fan gjin kwea bewust en haw de klean net iens út hân om te passen, foar fiif euro doarde ik de gok wol oan. De beide froulju hawwe simpelwei by wize fan grap ien fan harren produkten út de rekken yn myn taske stoppe wêr’t sy foar my op passe soene.
Wat sille sy in wille hân hawwe, fan it momint ôf dat sy it plan betochten om it slipke yn’e tas te triuwen oant en mei it momint dat ik it taske wer kaam op te heljen en harren nochris hiel freonlik betanke foar harren entûsjaste help. En no sit ik thús mei dizze boanus.