“Hinget der noch wat foar dy by Dick?” Foaral út belangstelling rin ik efkes rûn op de Vintagemarkt, haw dit net as doel en draai de saken om: “stek my mar ris yn’e klean.” Twa froulju dûke fuortdaliks de rekken yn en noch gjin fiif minuten letter haw ik in kompleet nije outfit.
“Fiif euro, ien keap”, sa hear ik foar twa boesgroentsjes, in koarte broek en in pet. Sy dogge alles yn ien taske dat ik daalks ophelje sil. Nynke mei it net witte, ik nim de outfit as ferrassing mei nei hûs. De oare moarn stap ik yn myn nije outfit de sliepkeamer binnen.
“Wat is dit?! Giest hjoed ferklaaid?!”, krij ik ferbjustere as reaksje. Se fynt it blykber net moai en it is allegearre krekt in maatsje te grut. Underyn de tas fyn ik dan noch eat wat ik net kocht haw: in read frouljeslipke mei kant.