In monteur om de glêsfezel oan te sluten soe al gaueftich hûndert euro kostje, dat koe ik ek wol efkes foar dizze jongedame dwaan. Ik hoech net mear as bakje kofje en fyn dit soad putsjes altyd moai, dus dat betsjut allinnich mar win-win.
Tegearre hawwe wy it stappeplan al trije kear trochnaam, it klikje haw ik minstens safolle kear heart mar de konfiguraasje bliuwt ek nei it twadde bakje kofje mar hingjen op tachtich persint. Dan úteinlik dochs mar belje mei de helpdesk.
“Wanneer is de aansluitdatum?”, wol de âlder freonlikste man as earste fan de jongedame witte as hy besjoen hat hoe’t de saken derfoar steane. “17 jannewaris”, lêst se foar út de brief. “En wat voor datum zijn we vandaag?”, giet hy fierder. As it antwurd dan ‘16 jannewaris’ is, hearre wy it klikje wol hiel dúdlik. “Hartelijk bedankt voor uw help.” Moarn sil de oansluting wurkje…