“Dy mynhear mei dat huodsje, dy wurdt net âld!” Ik kuierje by it tsjerkhôf it fytspaad op en sjoch yn’e fierte in groepke skoaljeugd wêrút ien jonge it blykber op my fersjoen hat. Dat stoere gerop en geraas fan tsjintwurdich, dêr skrikt ik net sa fan, dat ik kuierje gewoan troch.
As de fytsers oan my ta binne, hear ik de ropper al aardich wat skrutener sizzen: “hy is wol stevich, mar ek net hiel oerdreaun.” Blykber kriget dizze stoere jonge gjin stipe fan de rest fan de groep en doart hy it allinnich net oan. Sy fytse troch…
Wat no as sy it al oandoard hiene? Wie ik dan hiel hurd fuort rûn of hie ik in praatsje probearre te meitsjen? Wat hat sa’n jonkje yn’e holle troch allinnich al hiel hurd wat te roppen oer ien syn libben? Wêr helje sy it tinken wei, wêr moat dat hinne?