Boesgroentsje

Wy wiene sa op de goeie wei om in bytsje sûn te libjen, minder te iten en te drinken en de resultaten dêrfan wienen ek dúdlik te fernimmen. Mar de skeal joech okkerdeis dochs wer aardich oare wearden oan dan dat ik yn’e holle hie, wy wienen it paad lykwols wer wat kwyt.

Doe’t ik fan’e wike yn’e kleanwinkel efkes in boesgroentsje oan paste en de ferkeaper my mei in bytsje skuldige blik sei dat dizze maat wol koe mar… ‘dat it búkje der dan wol efkes ôf moast’, doe wist ik genôch: it moat wer oars!

It is fansels ek logysk dat it gau wer de ferkearde kant út giet as hja tegearre in protte thús binne en sawat alle jûnen in boarrel dogge mei in hapke derby. It boesgroentsje haw ik wol kocht yn de lytsere maat, mar it boadskip dy’t de ferkeaper der by die wie dúdlik.