Eigenwiis

Wat binne minsken somtiden dochs ek ûnnoazele halzen. Okkerdeis seach ik dat in autobestjoerder de ôfslach naam wêr’t dúdlik oanjûn stie dat dizze wei troch wurk oan de wei ôfsluten wie. ‘Dy moat fêst earne wêze’, sa tocht ik noch, mar in pear tellen letter seach ik de auto werom kommen omdat fierderop dochs wier in bêste bult sân op’e wei lei en hy net fierder koe.

De yrritaasje wie fan it gesicht fan de bestjoerder dúdlik te lêzen en nei in pear kear woest gas jaan en wer by-remje om tusken de pealtsjes troch te manoeuvrearjen, wie de auto keard en dêrby ramde hy ek noch ien fan dizze pealtsje wêrtroch de yrritaasje noch heger op run.

Mei in flinke straal gas stode de auto sa gau mooglik fierder. Op dizze wize moast de iene nei de oare eigenwize bestjoerder sels fêststelle dat sy dochs wier net fierder koene.