‘Wat silsto mei al dy fleskes’, sa waard oan Nynke regelmjittich nijsgjirrich frege neidat sy op Facebook in oprop dien hie om kofjemolkefleskes foar har te bewarjen en der ek al regelmjittich in pûdsje mei dy dingen by ús brocht wie of oan de doar hong.
‘Ik gean in workshop hâlden foar it meitsjen fan in miljeufreonlike geurferfrisser’, sa lei se alle kearen wer út en ek dat dizze workshop wêze soe mei de start-snein op 19 septimber yn De Flambou.
Ek asto net leauwich bist of neat mei in tsjerke te krijen hast, in goeie start kinst altyd meitsje, want ik sil’t dy sizze: de geurkes dy’t se makket binne wol hiel noflik hear. Nynke kin hiel wat dielnimmers haw, der binne wol hûndert fleskes. In bakje kofje is der fêst wol by de workshop, it spul dat se makket is lekker fris, foaral op it húske of sa.