#54 Froulju

Sommige froulju begjinne by harren aktiviteiten yn’e hús mear as ien en twa kear op in dei samar te praten, en ast dan fregest wat se krekt sein hawwe dan is it antwurd faak: ‘ah neat jong, ik praat wat yn mysels.’

Dan probearrest har praten wat te negearjen sadatst dyn gong wat gean kinst, mar as der dan in skoftsje letter wat sein wurdt dat datsto wol heare moaten hiest en dat hast net heard, dan hinget se in minut letter alwer mei in freondinne oan’e telefoan wêr’t sy har ferhaal kwyt kin mei it kleien fan: ‘mannen lústerje nea.’

Wy mannen hawwe it troch dit soad saken net altyd maklik. Troch al dat gepraat – wat trouwens beslist net ûngesellich is hear – moat wy altyd mar hiel skerp wêze om te filterjen wat foar ús bedoeld is, wat der tsjin harsels sein wurd en wat tsjin de oare froulju.