Noardewyn Live

Eins koe ik it programma Noardewyn Live oars net as fan in pear bylden fan ‘e tillevyzje mei faaks wat nuvere muzyk groepkes dy’t harren nûmerkes spielen yn in gesellich en rommelich dekor en dat alles wurde dan ek noch presentearre troch in hiel drokke Willem de Vries dy’t mei in mikrofoan wat troch de studio draaft.

En dan ynienen haw ik dy mikrofoan ûnder de noas… Dat kaam sa: trochdat ien fan ús artysten foar de twadde Feanster Music Night – Angeline Westra – wol wat konneksjes hie mei de presintator, hie sy it sa regele dat wy de freedtemiddei foar de útfiering efkes te plak koenen yn dat programma, en sy freege yn ús organisaasje wa’t mei woe dêr hinne.

Net ien hie dat oan tiid, mar ik wol en dat like my ek wol efkes wat; koe ik fuortdaliks moai wat foto’s meitsje en dy wer brûke foar de PR. Gewoan gesellich efkes om it hoekje sjen wylst Angeline tegearre mei Aan Poelstra en ferske songen hie ‘k tocht, mar doe’t ik ien kear sein hie dat ik wol mei gean soe, blykte dat krekt wat oars te wêzen: it gie foar promoasje fan ús show en wy moasten ús mar ferrasse litte wat der barre soe…

Ien kear ûnderweis nei Omrop Fryslân die al gau bliken dat Aan en Angeline beide bliid wienen dat der ien fan de organisaasje mei gong wie as wurdfierder, want sy binne net sokke praters. No, in bytsje skriuwe kin ik wol, mar in echte prater bin ik ek net! Mar goed, wy litte ús net kinne en net folle letter sitte wy mei syn trijen live op radio en tillevyzje ús muzykjûn oan ‘e man te bringen.

Efternei sjoen wie it alwer foarby foardat ik ’t yn’e gaten hie, en kin ik oars net sizze dat it allegear ek noch wol aardich goed ferrûn is. Gjin momint ha’k mei de bek fol tusken sitten, want dêr wie ik fansels it meast benaud foar. Nee, wy hawwe it knap dien en ik haw ik noch in kear in hiel oar byld fan Noardewyn Live krigen. Hjir wurdt muzyktalint in poadium oanbean en lizze kânsen foar de takomst. Hooplik kinne wy folgjend jier wer saken dwaan, want wy hawwe ek talint!