Bam! Myn fyts stiet stil, in jonkje der tsjinoan. Fannewike is yn it Fean de kuierfjouwerdaachse útein set en hjoed kuierje de groepen troch alle strjitten fan it doarp. Ien fan dizze groepen bin ik no tsjinkaam op it fytspaad, dat sy folslein yn gebrûk hawwe, fan lofts oant rjochts.
Ik wie al wat stadiger fytsen gong, want ik seach it gefaar wol oankommen. Ut en troch is der ris in kuierder dy’t in hiel lyts bytsje oan’e kant giet, mar fierder bart der neat, ek de begelieders skine it ferkear net te sjen.
“Oeh jonkje, giet alles goed!?!”, is it iennichst dat ien fan de begelieders – it sil de mem wol wêze – seit tsjin it jonkje dat op myn troch al dizze tsjinlizzers ûnderwilens stilsteande fyts oprûn is. In warskôginkje om better út te sjen, oan de kant te gean of in ekskús, wie nei myn miening better west.