Sjoelblokjes op’e Jan Binneslaan

“Tinkst der al om dat jimme de sjoelbakken rjochtop hâlde, want oars giet it raar”, sa bring ik yn’t sin hoe’t it foarich jier gong is. Foar de aktiviteit Soep en Sjoelen dy’t wy doe yn De Lantearne organisearre hiene, moasten der seis sjoelbakken út it Feansterhiem komme – sa’n twahûndert meter fierderop.

No, dat eintsje koe wol efkes rinnendewei, yn de auto binne dy lange gefallen ommers ek hast net te ferfieren. In pear kear hinne en wer rinne mei in sjoelbak ûnder de earms en dan wie dat wer klear.
Mar ja, dan moatst se wol rjochtop hâlde.

Derick die dat ûnder it rinnen net hielendal en doe skeat it klepke der foar wei: alle sjoelblokjes fleagen oer de Jan Binneslaan en dan steane hja wol wat mei de hannen yn it hier mei twa bakken ûnder de earms: it ferkear wie hielendal ûntregele. Dat moat mar net wer.