Myn hiele struktuer fan ‘e dei leit yn’t hûndert troch al die rigels rûnom de corona-krisis: alle aktiviteiten dêr’t ik wol frijwillich oan wurkje binne annuleard, sa mar efkes in kopke kofje helje skynt net mear te kinnen en in praatsje op strjitte al hielendal net mear.
De earste wiken wie ik dan ek behoarlik fan’t sintrum, mar ik haw de tried aardich in bytsje op pakt. Thús foar de televyzje sitte, dêr wurd ik liuw ik ek net gelokkich fan. It lêzen fan in boek, dat like my in better plan. De biblioteek wie dan wol ticht, it lienen fan e-books wie ek in opsje.
En sa bin ik ynienen oan it lêzen yn it al sa bekende Reis door de Nacht fan Anne de Vries. In boek oer de oarloch en al relativearjend betink ik my dat wy dizze reis troch de krisis-reis ek wol wer troch komme.