Prutse

Trije kofjesetapparaten hie der op’e rige op’e grûn stean. Ien dêrfan die it net mear. Nei safolle jier sizze hja dan: keapje in nij apparaat. Mar ús heit net fansels! “Efkes prutse”, sa lei hy út en in pear dagen letter stie it apparaat wer op it oanrjocht te wurkjen.

Ik werken mysels hjiryn hielendal. As in apparaat efkes net mear docht wat it dwaan moat, dan is myn konklúzje net sa gau: it is kapot, der moat in nije komme. Earst sykje ik altyd nei de oarsaak fan de steuring in probearje de saken wer oan’e praat te krijen.

Sa foarsjocht bygelyks in net mear krekt wurkjend Senseo-apparaat dat myn famylje ferfange soe foar in kofjemasine – nei wat prutsen en wat tapassingen – my op myn kantoar al jierren fan myn deistige bakjes kofje. Nei wat útsykje en wat prutsen krigest in soad apparaten wol wer oan’e praat. Smaaklik bakje!