“Ah Dick, hoe is’t mei dy jonge, wol aardich goed?” Wat is dat dochs mei yn soad minsken dy’t fan dit soad fragen stelle, mar dan net it antwurd ôfwachtsje of it sels al sa’n bytsje ynfolle en dan fierder geane mei harren eigen ferhaal.
“Ja, mei my giet it ek goed, ik hie juster in goeie útslach…”, en dan kin der wol ris in lang medysk ferhaal efteroan komme wêr’t ik hielendal net op sit te wachtsjen en somtiden komt der ek noch in hiel ferslach efteroan fan wat sy hjoed allegear by’t ein hân hawwe.
Sa stadichoan krij ik stees mear yn ‘e smizen dat it dizze minsken gjin bal skele kin hoe’t it mei my giet, mar sy hawwe foaral in poadium nedich om har eigen ferhaal kwyt te kinnen. Ik lústerje meastentiids mar mei in heal ear, mei my giet it yn elts gefal wol aardich.