“Kraks!”, sei myn fyts earne midden op De Kolk en doe hâlde it op. Noch in pear trapen koe ik dwaan, folle fierder as oan de fytsmakker kaam ik net. “De krukas is stik”, sa hearde ik hjir. “It kin net wer hiel.”
Oe, dêr moast ik dochs wol efkes slokke; ik tink wol tsien jier hawwe myn fytske en ik tegearre de Feanster paden en wegen beriden. Jierren lang wie ik de razende reporter en hat myn Batavus Old Dutch mei my boadskipkes ophelle, tochtsjes makke en ferskate besykjes ôflein. Altyd stie myn fytske klear om út te rukken.
Der stiet leau ik noch wol wat jild op de rekkening, mar in nije keapje en gewoan wer troch, dat giet my rap genôch. Earst wol ik efkes ôfskied nimme fan myn Old Dutch, mei it blaue bakje foarop foar alle boadskipkes. Tige tank foar alle tsjinsten, do myn fytske!