Minskenwurk

De oargelist begjint te spyljen en de gemeente sjongt de tekst dy’t projektearre wurdt. Al foardat de earste rigel útsong is, blykt dat de melody net hielendal past by de tekst. In diel fan de gemeente kent de tekst út’e holle en sjongt of njuentsjet mei, de oaren sjogge wat ûngemaklik om har hinne of efterom.

De foargonger sjocht yn har boekje en maneuvelet drok nei beamer en oargel, mar dêr hawwe se ek wol yn’e smizen: it rint ferkeard. De oargelist hat lykwols de júste muzyk sa rap net by de hân en de tekst stiet der ek net yn twa tellen.

Net om in skuldige oan te wizen wolle hja efter de desk dan letter dochs wol witte wat der no krekt ferkeard gong. It docht bliken dat de oargelist lied 442 spile wylst de gemeente it opjûne liet 422 meisong. Krekt, hjir binne minsken oan it wurk.

Scroll naar boven