Kreas op’e tiid

‘De koster is hjoed kreas op’e tiid’, sa tinkt in gemeentelid dy’t om klokslach njoggen oere op sneintemoarn de fiters noch efkes fêst makket. As hy tsien minuten letter tegearre mei syn frou de doar út giet, op it fytske op wei nei tsjerke, heart hy op’e nij in klokje lieden, of is it wier noch stees deselde?

Hoe ’t it ek wêze mei, as op in sneintemoarn om hast kertier oer njoggenen it klokje fan De Flambou noch liet, dan is der wat net hielendal ynoarder.

Sawol rûnom – as yn De Flambou is it in drokte fan belang. De hûsband Connect is entûsjast oan it spyljen en de koster wurdt fan alle kanten oan syn jaske lutsen. “Och heden, ik ha der net wer oan tocht”, sa skrikt hy him it apelazarus en skeakelet om 9:16 de ynstallaasje út. “It Fean is no wol wekker.” Kreas op tiid.