Karantêne

“Lang zal ze leven in de gloria…” Wy binne efter yn’e tún as wy foar op’e dyk de fleurige klanken fan in trompet spiljen hearre. Rap rinne wy nei foaren: der is aksje yn ús buert dêr’t al in oantal wiken sa goed as neat te belibjen falt. In buorfrou hat har bertedei en har bern en bernsbern komme op besite mei dizze muzikale ferrassing.

De iene nei de oare doar giet iepen, stadichoan komme der mear buorlju bûten en op in stuit beslute wy om mei syn allen foar har te sjongen. “Wy komme allegear út karantêne”, konkludearret ien fan de buormannen gekskearjend as it súver wol efkes gesellich liket te wurden ek al bliuwe wy keurich oardel meter fan mekoar ôf stean.

“En no moatte wy allegear werom yn’t hok”, ynstruearet buorman wer op deselde toan en eltsenien ferdwynt wer yn karantêne; it is wer stil yn’e strjitte.