Gesellige katten

“Ah toe Dick… asjebleaft foar ien kear?!” No foarút dan mar, de doar sil dizze nacht iepen bliuwe sadat de katten boppe by ús komme kinne, it is ek sa gesellich…

It is healwei ienen as ik wekker wurd en Tess op de souder wat ôf liket te brekken. No fuort mar tink ik, ik wol de minste ek net wêze en fuortdaliks net krimmenearje. Om healwei trijen stiet der lykwols ien njonken it bêd te miauwen en in minut letter liket it wol oarloch op’e oerloop.

“Dit dogge wy dus net wer!”, sa beslis ik op dat momint wêrnei’t dizze ‘gesellige bistjes’ nei ûnderen brocht wurde en de doar ticht giet! Nynke hat neat fernaam fan al de alteraasje. Allebeide kinne wy dernei earst net wer sliepe en sa sitte wy om trije oere yn’e nacht spultsje te dwaan yn’e keamer, de katten binne der ek by, sa gesellich.