Om it jo makliker te meitsjen, freegje wy jo om postkoade en hûsnûmer yn te sprekken. Alle kearen as ik nei de grutte provider belje, wurdt my dizze opdracht jûn wêr’t ik net omhinne kin. Nei in oantal tillefoantsjes begjint it my wat te yrritearjen, al hielendal om de earste fraach dy’t de meiwurker stelt dy’t ik oan de line krij: wat is jo postkoade en hûsnûmer.
Blykber sit hjir net rjocht in systeem yn en omdat ik graach alles begryp fan systemen, bin ik fan plan om der by it safolste tillefoantsje ris nei te freegjen. As al myn technyske fragen beäntwurde binne, haw ik dan ek noch in fraach foar de freonlike jongeman. Hy kin it my net sizze, hat it wolris faker heart, mar sjocht myn ynsprutsen koades net earne yn in skerm. Ik bliuw my no ôffreegjen wat no eins it gemak foar de klant is.