Frustraasje

In kuierke is altyd in perfekte manier om frustraasjes út te praten en sa dienen wy dat dan ek dizze jûn. Doe’t wie ús strjitte wer yn kamen, wy de frustraasje lykwols noch net fuort. Buorfrou – dy’t yn’e tún oan it wurk wie, hie dat wol yn’e smizen.

Sy fertelde fan in taaie gers wêr’t sy al sa’n trije kertier mei oan’e slach west hie om dizze der út te krijen mar it wie net slagge. “Sil ik it ris probearje?”, stelde Nynke foar, dy’t fol siet mei allegear frustraasje. Sy helle in skep op, die har klompen oan en gie fol fjoer oan’e slach.

Yn in heal oere tiid ramde myn frou der trije gerspôlen út wêrfan buorfrou noch net iens ien út krige hie. “Hoppa, is der noch mear te dwaan?”, frege sy nei it kluske. Efkes in flinke ynspanning kin faaks wol helpe tsjin lilkens en frustraasje.