
Sint-Maarten
“…en daar komt Sint-Martinus an!” In groepke fan fiif jonges en famkes stiet by ús foar de doar begrutlik te sjongen. It sil ’m wol oan my lizze, mar it slagget my by dit soad eveneminten nea om hiel entûsjast te sizzen hoe moai as sy wol net song hawwe…

Donorkaart
It gie wat te mâl mei de ynsulten, en dêrtroch mocht ik in oantal jierren lyn net mear komme by de bloedbank. Dêr kaam ik alwer hiel folle jierren en pear kear per jier en fielde my dan in hiele held tusken alle oare bloedleveransiers dy’t it libben fan oare…

Eachhoeken
Yn rap tempo sjoch ik him op my ôf komme kuierjen, in jongeman mei in bosk krolhier, rêchsekje efterop en… drok dwaande mei syn telefoan. It liket derop dat hy wat typt. Wierskynlik sjocht hy út syn eachhoeken wol wêr’t hy del moat, Undersykjend as ik altyd wol in bytsje…

Ungemakje
Efkes sjen hoe’t de situaasje derhinne leit yn Bartlehiem – de earstfolgjende finishplak fan myn alvestêdepaad – dat wie op dizze hjerstige freedtemiddei it doel fan myn motorritsje. Mar safier bin ik net kaam. Foarby Feanwâlden binne de widske greiden prachtich om troch te riden, mar ik moat wol stees…

Punten fan ôffallen
In oantal froulju diele alle sneontemoarns yn in berjochten-app harren gewicht om inoar te stimulearjen it oantal kilo’s sa leech mooglik te hâlden en as de skealwizer dochs de ferkearde kant op giet, inoar te bemoedigjen dêr wat oan te dwaan. Sy begripe inoar hielendal by it útstellen fan it…

Bûsmes
Yn hast alle kamping- of kuierguodwinkels wurdt myn oandacht lutsen nei it fakje wêr’t de bûsmessen lizze, mei nammen dy moaie reade Switserse messen mei in hiel soad funksjes. Alle kearen wer lit ik se mar lizze, want sy binne aardich prizich en ja, wêrfoar sil ik sa’n ding brûke?…

Benzinelucht
Wy wiene efkes te kanofaren west yn it park Alde Feanen by Earnewâld, hearlik yn’e rêst en natuer. Doe’t wie wer thús kamen wurden wy oerfallen troch in swiere benzinelucht. Earst tocht ik noch oan it benzineklepke fan de auto nei de tankbeurt fan fiif minuten lyn, mar dat wie…

Prommen
Foar it earst binne wy dit jier de slakken yn’t foar en is de risping goed. Der lizze in stik of tweintich prachtige prommen fan eigen kweek op it oanrjocht, ik mei se wol opsnobje. Ut en troch yt ik der dan ek ien op en sy smeitsje prima. Fan’e…

Klean beslut
“Hast al besluten wat’st oan dochst?” Ik stean foar de spegel en bin my oan it skearen. Wy krije jûn besite en dan stekt it meastentiids krekt wat mear nau hoe’t ik der út sjoch. “Nee! Ik pak gewoan wat boppe oan op’e stapel leit”, antwurdzje ik mei de wynbrauwen…

Kameleon boekjes
Yn de simmer lês ik altyd in tydsje de Volkskrant. De abonnee is dan mei fakânsje en de krante bliuwt dan mar wat ûnbelêzen op’e moatte lizzen. Boppedat fyn ik it wol in moaie krante. Fanewike lies ik oer Hielke en Sietske Klinkhamer, krekt ja, dy beide belhammers dy’t yn…