Fersprekke

“Ja, ik sit dêr hiel goed te plak, it befalt my allegearre prima.” In kennis fan heit hie pas krektlyn heart dat hy ferhuze wie en sy makken efkes in praatsje. Sy troffen inoar yn de brasserie yn it doarp, wy sieten dêr mei syn allen foar in itentsje. Foardat…

Drieske

In moer fan de maat M10 moast ik hawwe, mei fansels in skroeftried yn deselde maat. De skroeftried hie’k samar, om de moer moast ik wat langer siikje. Uteinlik fûn ik se, mar werklik wier, alle moeren sieten stik foar stik ferpakt yn in plestik pûdsje… mei streepkeskoade. Skodholjend moast…

Prutse

Trije kofjesetapparaten hie der op’e rige op’e grûn stean. Ien dêrfan die it net mear. Nei safolle jier sizze hja dan: keapje in nij apparaat. Mar ús heit net fansels! “Efkes prutse”, sa lei hy út en in pear dagen letter stie it apparaat wer op it oanrjocht te wurkjen….

Krêftige wurden

“En no is it út! Ik haw no myn nocht!” In mem stiet op het parkearterrein fan de supermerk foaroerbûge yn de auto op de efterbank in jonkje fêst te setten en it liket derop dat sy it net hielendal mei-inoar iens wurde kinne. Mem smyt der noch in oantal…

Sûnder pûdsje

Yn de tsiiswinkel hoech ik nea lang nei te tinken, meastentiids pak ik in kilo ‘mild belegen’ fan de planke en lis it op de toanbank. De tsiisboer kin my sa stadichoan wol. “Sûnder pûdsje hin?!” Al in hiel skoft lyn haw ik him útlein dat it pûdsje dat hy…

Kelderke

It wie in dream… It wetter stie heech, it kelderke yn de keuken stie al ûnder wetter, de wc-rôlen dreaune al yn’e rûnte. Ik soe wol efkes nei it túnhokje om in pompke op te heljen en sa it wetter wer fuort te pompen. Doe’t ik yn it hokje wie,…