Bleate froulju

35Brazil835In hiel soart manlju yn Surhústerfean en omkriten, binne hielendal fan it ket. Net allinnich omdat it foarjier wurdt en de froulju stees mear klean út dogge, mar mear omdat der yn augustus in skitterjend barren op it programma stiet.

De hannelsferiening fan dit doarp docht der ommers alles oan om it foar de winkeljende húsfrouwen mar sa gesellich mooglik yn it sintrum te meitsjen; yn augustus binne de manlju ris in kear oan bod. In tal súd Amerikaanske amper klaaide froulju komme nei Surhústerfean tidens de Tropical day.

Dizze froulju litte alles sjen wat se yn hûs hawwe”, raasde in entûsjaste foarsitter fan de ûndernimmers feriening de seal yn tidens de ledegearkomste fan de handelers yn maart. Sûnt dy tiid wurde der hiel wat fakânsjes ferset en hawwe in protte mannen it boadskiplistke fan harren frou alris besjoen.

Ik wol dy ek wol ris helpe mei it boadskipjen”, is it smoesje dat se derby betinke. Alles dogge se der oan om yn augustus mar mei nei it winkelsintrum te kinnen. Miskien krije se wol in sûkelaadsje fan ien fan dizze froulju, of meie se it taske fan ien fan harren wol efkes fêsthâlde.

It fitness sintrum yn it Fean hat it ek al in stik drokker krigen. In kreaze kearel kin fansels gjin hingbúkje hawwe, en sa kin allinnich al in byld fan in pear bleate froulje in hiel doarp yn terwyn.

Geef een reactie